Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Mauthausen Syklus


Mauthausen Syklus (2008)

De ballade fan Mauthausen is komponearre yn 1965 troch de Gryk Mikis Theodorakis, basearre op gedichten fan Lacovos Kambanellis dy't sels it kamp Mauthausen oerlibbe hat. De tematyk is dat alle plakken dêr't de dea him doe oppenearre nei de oarloch wer plakken wurde moatte soene dêr't de leafde oerwint. It wie yn 1965 dat de doe 19-jierrige Maria Farandouri de lieten foar it earst song. De yndrukwekkende syklus waard mei in protte sukses songen yn folslein útferkochte stadions yn Grikelân. It twadde liet út de syklus Andonis is troch de tiid hinne it twadde folksliet fan Grikelân wurden. De Mauthausen Syklus is yn in soad ferskillende talen oerset, û.o. yn it Hebriuwsk, Ingelsk, Frânsk, Dútsk en Nederlânsk. Yn 1967 hat Liesbeth List de lieten mei grut sukses oer it fuotljocht brocht yn in oersetting fan Lennaert Nijgh. Noch alle jierren sjongt List de Mauthausen Syklus by betinkingen op 4 maaie. Mei de útfiering fan Douwe Heeringa, yn in oersetting fan de dichteresse Baukje Wytsma en de arrangeminten fan pianist Wietse Marra, is de Mauthausen Syklus no ek yn it Frysk te hearren.

1 Heechliet - Douwe Heeringa
2 Andonis - Douwe Heeringa
3 Flechtling - Douwe Heeringa
4 As de oarloch aanst foarby is - Douwe Heeringa